Fytser ferwûne by fal
By in ûngelok op de Balthasar Bekkerstrjitte yn Mitselwier is freedtemiddei in 54-jierrige ynwenner fan Ljouwert ferwûne rekke. De man wie mei twa maten oan it fytsen. Ien fan de twa rekke mei syn foartsjil it achtertsjil fan de 54-jierrige man. Dy foel en rûn ûnder oare in brutsen skouder op. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum. Ek de oare twa manlju foelen, mar sy rekken net ferwûne.