Gjin krystpakket foar guon Fryske minima

01 jan 2017 - 20:22

In part fan de krystpakketten fan de Stichting Actie Stille Armoede is yn Fryslân net besoarge. Yn Fryslân soene dat der dit jier sa'n 150 wêze. Mar yn de regio Frjentsjer, Harns, Ljouwert en Drachten binne 21 fan de 29 pakketten net del brocht. De stichting sil mooglik oanjefte dwaan tsjin de besoarger. By de dupearre minsken sil in nij krystpakket brocht wurde.

De Stichting Actie Stille Armoede soarget derfoar dat gesinnen dy't it finansjeel dreech hawwe, mei krysttiid in pakket krije.

Fia ynternet koene minsken harsels of in oar opjaan foar it krystpakket. De stichting finansieret de pakketten mei subsydzje fan in oantal gemeenten, fûnsen en bydragen fan bedriuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)