Bob de Vries maratonkampioen op prachtich NK

01 jan 2017 - 19:31

Bob de Vries is op in allemachtich moai NK maratonkampioen fan Nederlân wurden. De Haulster, út de sterke ploech fan Jillert Anema, sette mei syn ploech Thialf yn fjoer en flam. Mar dat die ek de ploech fan Jeroen de Vries mei rider Remco Schouten. Bob de Vries en Remco Schouten hiene beide trije rûntsjes pakt op it peloton. Seis oare riders hiene twa rûntsjes foarsprong.

Yn de einsprint makke Bob de Vries, winner fan it NK op natueriis yn 2010 (Wanneperveen), dien wurk. Foar coach Jillert Anema wie it de njoggende titel yn tsien jier.

Robert Post, ek út de ploech fan Jeroen de Vries, waard tredde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)