Arriva: skrassen spoar spitich

In miste kans, se neamt direkteur Anne Hettinga fan ferfiersmaatskippij Arriva it net trochgean fan de oanlis fan in spoarline fan Grins fia Drachten nei It Hearrenfean. Freed namen de oanbelangjende provinsjes en gemeenten it beslút om de plannen foar de oanlis net troch te setten om't dy oanlis wierskynlik folle djoerder wurdt as de 600 miljoen euro dêr't op rekkene waard.
Hettinga seit wol mooglikheden te sjen foar de oanlis fan it spoar. It bedriuw soe dêr sels ek jild yn stekke wolle, lykas dien waard by de spoarline Grins-Veendam.
Hettinga hopet dat it jild dat no net útjûn wurdt oan de oanlis fan de nije spoarferbining stutsen wurdt yn it ferbetterjen fan besteande iepenbier ferfiersfoarsjennings. Hy doelt dan ûnder oare op de ferdûbeling fan it spoar Ljouwert-Grins.