Irene Schouten wer maratonkampioen

01 jan 2017 - 17:42

Irene Schouten is foar de twadde kear op rige kampioen fan Nederlân wurden op de maraton. Janneke Ensing waard twadde, Lisa van der Geest tredde. Dizze trije froulju wiene mei animator Carien Kleibeuker healwei de 100 rûntsjes útnaaid. It peloton waard benammen troch Kleibeuker ynhelle en yn de finale brocht dyselde Kleibeuker har ploechmaat Schouten yn de ideale posysje. Sels waard se, kampioen fan Nederlân op de 5000 meter en brûns yn Sotsji op de OS, fjirde.

Twa dagen lyn waard Irene Schouten foar de fiifde kear kampioen op de massastart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)