Net soad folk by Occupy

© Omrop Fryslân
De belangstelling foar Occupy yn Ljouwert hâldt net oer. Sa'n 200 minsken setten in hanteken op de list, mar se bliuwe net lang om it protest te stypjen. It rint oant 22.00 oere.
Sûnt de earste Occupymanifestaasje - op 17 septimber by Wall Street yn New York, ha oer de hiele wrâld al op 1000 plakken sokke demonstraasjes west, yn mear as 80 lannen. De dielnimmers protestearje tsjin de grutte ferskillen tusken ryk en earm en
de macht fan it grutte jild.