Amtlike fúzje fjouwer DDFK-gemeenten

01 jan 2017 - 14:24
It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân

De gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân binne sûnt 1 jannewaris 2017 offisjeel amtlik fusearre. Dat betsjut dat de amtners mei elkoar gearwurkje.

De boargemasters, wethâlders en gemeenterieden bliuwe oan it wurk foar har eigen gemeente. Foar de ynwenners fan de fjouwer gemeenten feroaret der wol wat. Se moatte somtiden nei in oare lokaasje as dat se wend wiene foar gemeentlike saken. De iepeningstiden en telefoannûmers feroarje ek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)