Ljouwert hat measte meldingen fan fjoerwurkoerlêst

01 jan 2017 - 13:53
(argyffoto)

Op it lanlike meldpunt fan fjoerwurkoerlêst binne foar Fryslân sa'n 1.200 meldingen binnenkaam. De measte klachten kamen út Ljouwert wei, mei 324 meldingen. Yn Drachten wienen der 201 meldingen en op It Hearrenfean wie dat 165.

Lanlik hat it meldpunt by de jierwiksel 45.000 meldingen krigen. Dat is it leechste oantal yn fiif jier. Neffens de inisjatyfnimmer fan it meldpunt wienen dat in jier earder noch 89.000 meldingen. Dat betsjut in ôfname fan hast 50 prosint.

It tal klachten oer te betiid ôfstutsen fjoerwurk en streste húsdieren is ôfnommen. De diskusje oer oerlêst liedt mear ta bewustwurding. Lanlik binne der wol mear meldingen fan
fjoerwurkletsel en gefaarlike situaasjes op strjitte. Dat wie goed 1500 tsjin 900 it jier dêrfoar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)