Man oanfallen yn park

25 maaie 2012 - 19:07
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket de dieders fan in mishanneling yn Dokkum. In 43-jierrige ynwenner fan de stêd waard freedtemoarn betiid sûnder oanlieding troch trije jonges yn it gesicht slein. Hy foel dêrtroch en rekke ferwûne. De jonges naaiden nei har died út.

De mishanneling wie yn it park oan de Festus Hommiusstrjitte, dêr't de man syn hûn útliet. It slachtoffer moast behannele wurde troch in dokter.

Trefwurden: 
Dokkum park slein man
(Advertinsje)
(Advertinsje)