Plysje: 12 ynsidinten, soad klachten oer fjoerwurkoerlêst

Yn de âldjiersnacht ha der 40 ynsidinten west yn de trije noardlike provinsjes, wêrfan 12 yn Fryslân. It giet dan om bedriging, lûdsoerlêst en geweld tsjin helpferlieners. Fiif minsken binne oanhâlden omdat se de plysje bekûgele hiene mei fjoerwurk. By de plysje binne sa'n 2.300 telefoantsjes binnenkaam oer oerlêst, foaral fan fjoerwurk. It meast opfallende ynsidint wie it gefal yn de feesttinte yn Damwâld, dêr't tsientallen minsken net goed waarden troch in skerpe lucht. Dy lucht kaam fan in spuitbus fan in 18-jierrige ynwenner Dantumadiel.