Bouwmeester net nei Spelen

Laser-siler Roelof Bouwmeester is der net yn slagge him te pleatsen foar de Olympyske Spelen. De ynwenner fan Warten hie 13 plakken boppe syn konkurrint Rutger van Schaardenburg einigje moatten by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. Dat is mei allinne noch de finale te gean net mear mooglik. Dêrom mei Van Schaardenburg dizze simmer nei Londen.
Bouwmeester mei sneon yn de finale as tredde starte, nei Van Schaardenburg en de Frânsman Jean-Baptiste Bernaz.