Tûzenen appkes en foto's stjoerd by de Fryske top 100

01 jan 2017 - 11:38
De Fryske top 100 fan 2016 - Foto: Omrop Fryslân, Harm Weistra

By de Fryske top 100 op âldjiersdei ha in hiel soad minsken fia sms en app berjochten stjoerd. Mei-elkoar binne 20.000 berjochten fia de app, goed 10.000 foto's en 1.000 sms'kes nei Omrop Fryslân stjoerd. De measte minsken stjoerden nijjierswinsken, mar der wie ek in houliksoansyk.

Dit jier duorre de útstjoering fan de top 100 oant tolve oere middernacht. Benammen yn de jûntiid reagearren minsken op it programma. Under har wienen in soad jonge minsken. De appkes kamen út alle hoeken fan de provinsje wei en sels oer de hiele wrâld.

Trefwurden: 
Fryske Top 100
(Advertinsje)
(Advertinsje)