Hynsterûtes presintearre

© Simon Bosma
Deputearre Johannes Kramer hat freed in boekje mei men- en hynsterûtes troch Noardearst-Fryslân yn ûntfangst naam. It giet om 26 rûtes mei in totale lingte fan 600 kilometer.
De wethâlders fan de seis gemeenten dêr't de rûtes trochhinne gean presintearren it boekje. Neist it boekje is der ek in webside beskikber.
De 90.000 euro dy't it projekt koste hat, binne ûnder oare byelkoar brocht mei subsydzjes.