Sikehuzen behannelje 23 fjoerwurkslachtoffers

It MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It tal slachtoffers troch fjoerwurk liket reedlik gelyk te wêzen oan dat fan ferline jier. It MCL yn Ljouwert moast acht minsken behannelje op de spoedeaskjende help. It giet om fjouwer minsken dy't ferwûningen oprûnen oan in earm of hân, twa oan de eagen, ien oan 'e holle en in oare persoan rûn rekke slim ferwûne oan 'e skonk.
Op de spoedeaskjende help fan it Antonius sikehûs yn Snits melden har trije minsken mei ferwûningen troch fjoerwurk, fierder moasten twa minsken mei alkoholfergiftigings behannele wurde. De húsdokterspost yn Snits moast seis minsken mei fjoerwurkletsel behannelje.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten krige seis fjoerwurkslachtoffers oer de flier. Fjouwer fan har hienen ferwûningen oan de eagen, ien hie letsel oan 'e holle en ien brânwûnen. Ien fan de seis waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De measte slachtoffers wienen yn de tweintich, it sikehûs hoegde gjin bern te behanneljen.
En op It Hearrenfean binne sneontejûn en -nacht seis minsken mei ferwûningen troch fjoerwurk behannele.
Ferline jier melden har by de Fryske sikehuzen 20 fjoerwurkslachtoffers.