Brânwacht: reedlike rêstige jierwiksel

01 jan 2017 - 10:03

De jierwiksel yn Fryslân is reedlik rêstich gien. Dat seit de brânwacht. Dy hat 93 meldingen hân fan brannen dêr't se hinne moasten. Ferline jier wiene it der 99. Yn Aldeholtpea wiene de grutste problemen, seit de brânwacht. Dêr rekke in skut yn de brân en it fjoer naam ek in hokje en in auto mei. Dy auto is folslein útbaarnd. Yn Ljouwert moast de plysje der oan te pas komme om de brânwacht te beskermjen tsjin minsken dy't har it wurk ûnmooglik meitsje woene.

De plysje hat yn hiel Noard-Nederlân mei-elkoar 40 minsken oanhâlden, foar ûnder oare brânstichting, fernielerij en mislediging. Guon fan har sitte noch fêst.

Trefwurden: 
jierwiksel brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)