UPDATE: Lucht yn tinte Damwâld kaam fan spuitbus

01 jan 2017 - 09:53

De prikkeljende lucht dêr't minsken yn Damwâld yn âldjiersnacht net goed fan wurden binne, is feroarsake troch in spuitbus. In besiker fan it tintefeest hie dy meinaam en der mei om him hinne spuite. It giet om in jonge fan 18 út Dantumadiel. Dy is yntusken oanhâlden.Troch de prikkeljende lucht waarden 23 minsken net goed. Se hiene lêst fan de eagen en de luchtwegen. De tinte waard evakuearre en minsken waarden opfongen yn in sporthal. Dêr binne de minsken behannele. Neidat de tinte kontrolearre wie, gong it feest fierder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)