Wat sizze de stjerren foar 2017 en wat wurdt hip?

It jier 2016 hat west, de oaljekoeken binne op, it fjoerwurk is ôfstutsen. It jier 2017 is in feit. Wat sil it nije jier ús bringe? We sjogge op 1 jannewaris yn de stjerren, letterlik en figuerlik. Buro de Vries freget it oan astrologen, Pyt Paulusma en heart by saakkundigen wat de trends wurde op it mêd fan moade en iten.
Gjin supermoannen
We begjinne letterlik. Neffens stjerrekundige Hans Molema binne der dit jier gjin opmerklike sitewaasjes oan de himel te sjen. Gjin spektakulêre sinne- of moannefertsjusterings, gjin supermoannen sa as yn 2016. Mar as je witte wannear't je omheech sjen moatte dan is der genôch te genietsjen. Sa neamt Molema as foarbyld ferskillende meteoriteswarmen, de earste fallende stjerren binne al op tiisdeitenacht 3 jannewaris te sjen.
Astrologen foarsizze net
Yn Ketlik sykje we de astrologen Margreet Andriol en Sijtie Huisman op. Echt konkrete foarsizzings dogge sy net, want dat dogge astrologen net. Dus op de fraach "Wa wint de ferkiezings yn 2017?" krije we gjin antwurd. Astrology is neffens Huisman en Andriol de lear fan de prosessen. Astrologen sjogge nei de himel, se nimme waar en sjogge dat der prosessen binne. It foarsizzen fan de astrology hat benammen te krijen mei it folgjen fan de prosessen. We sitte no yn in perioade wêryn't de planeet Pluto troch it stjerrebyld Steenbok rint en dat smyt feroarings op, in perioade dy't begûn yn 2008 en einiget yn 2024. Andriol: "Er zijn nog veel spanningen, maar tegelijkertijd is er een harmonische samenwerking tussen Uranus en Saturnus en dat zijn precies de planeten waar het om gaat als je nieuwe dingen wilt opbouwen". "Der binne dingen mooglik", seit Huisman, "Gewoan de nije stap besykje te meitsjen want de enerzjy fan it nije jier spilet dêr bot op yn."
De 'pantalon' komt werom
We sjogge net allinne nei boppen, mar stean ek mei beide fuotten op de grûn. Kleanwinkels ha de moade foar dit jier al ynkocht. Sa komt foar froulju de 'pantalon' werom en kraachjes, kreaze blûskes mar ek losse kraachjes ûnder in trui. Mar alles kin. Marijke Terpstra: "Mode van nu is wat jij wilt dragen, je eigen identiteit leg je erin". Sy sjocht dit foarjier legergriene jaskes hip wurden en de kleur blau sil it altyd goed dwaan bliuwe omdat wy hjir meast blauwe eagen hawwe. Foar Marijke wurdt 2017 persoanlik in moai jier. Har winkel Freestyle fiert it 20-jierrich jubileum en dêr is se grutsk op. Foar sawol de frouljus- as de manljusmoade jildt dat komfort belangryk is, dus lekkere stoffen dy't rekber binne. Manljusklean wurde dit jier typearre troch stoffen mei lytse ûntwerpkes (designs).
Ripe fleis en cocktails mei wyn
De trend 'Shared dining' sil dit jier trochsette. Op tafel in pear skalen mei iten dêr't we mei syn allen fan genietsje. By 'Wijn en spijslokaal Sjoddy's' yn Ljouwert wurkje se mei dit prinsipe. Douwe van der Lei: "Ek ripe fleis wurdt in trend. It fleis wurdt yn grutte stikken ophongen om fiif oant tsien dagen te bestjerren. Dêrnei wurdt it yn spesjale pûden fiif wiken fuortlein. It fleis drûget sa moai yn en wurdt 'botermals'". Wat drankjes oanbelanget ferwachtet Ypie van der Lei dat der cocktails mei wyn komme, en dar der op kofje-mêd wat feroarje sil. Al dy kafeïne is sa't we witte net sûn en dêrom wurdt nei in alternatyf socht. Bygelyks kofje makke fan sûkerei (cichorei) of fan spelt.
Heftige buien
Wa't alle dagen foarútsjocht, is ús eigen waarman Pyt Paulusma. Hy kin it waar foar seis oant tsien dagen foarsizze. Fierder foarút sjen hat mear te krijen mei ûnderfining en gefoel. Pyt ferwachtet in moaie waarme simmer, mar mei heftige buien "Wy binne der ôfrûne jier aardich foar weikommen ast it fergelikest mei oare parten fan it lân, mar wy krije der dit jier mei te krijen". Oft Pyt sels wolris nei de stjerren sjocht? Net om te sjen watfoar waar oft it wurdt. "Yn it tsjuster sjoch ik neat, mar oerdei sjoch ik altyd nei boppen: Bewolking fertelt my in soad".
"Buro de Vries sjocht yn de stjerren" is op nijjiersdei te hearren fan 11:00 oant 12:00 oere op de radio, en jûns yn de werhelling fan 22:00-23:00 oere.