Twa ûngelokken tagelyk by rotonde De Jouwer

01 jan 2017 - 06:21
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Sneintemoarn om goed seis oere wiene der hast tagelyk twa ûngelokken by de rotonde fan De Jouwer. Ien auto is meardere kearen oer de kop slein en op de Polderboskdyk telâne kaam, dizze auto kaam út de rjochting fan It Hearrenfean. Doe't de helptsjinsten by de auto kamen wie de ienichste ynsittende der al út.

Hast tagelyk ried der in oare auto op de rotonde rjochtút. Foar safier't no bekend is, is yn alle gefallen ien persoan ferwûne rekke, dy wie út de auto slingere.

Hy is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. Dêr sil ek in bloedproef ôfnommen wurde, om te sjen oft der drank yn it spul is.

Trefwurden: 
rotonde De Jouwer
(Advertinsje)
(Advertinsje)