Minsken wurde net goed yn feesttinte Damwâld

Sa'n 20 minsken binne yn de âldjiersnacht net goed wurden yn in feesttinte oan de Badhúswei yn Damwâld. Se wiene mislik en hiene lêst fan de eagen en fan it sykheljen. De oarsaak wie in skerpe lucht dy't yn de tinte hong. De plysje ûndersiket de oarsaak. Minsken dy't derby wiene seine dat it om triengas gie.
De slachtoffers binne yn de sporthal opfongen en ûndersocht, mar der hoegde net ien mei nei it sikehûs. Minsken dy't letter noch klachten krije, kinne har melde by de dokterswacht.
Neidat de tinte kontrolearre wie, gong it feest wer fierder.