Plysje moat brânwacht beskermje tsjin obsternaat publyk

De plysje moast yn de âldjiersnacht yn aksje komme om de brânwacht te beskermjen tsjin obsternaat publyk. Yn Ljouwert wie fjoer makke op de hoeke fan de Túnboustrjitte en de Boomgaardstrjitte.
De brânwacht fûn it te gefaarlik wurden foar de huzen en woe de brân blusse, mar it publyk dat der omhinne stie, wie it dêr net mei iens. De plysje hat der foar soarge dat it fjoer blust wurde koe.
Ek yn Aldwâld moast de plysje yn aksje komme, omdat omstanners it wurk fan de brânwacht hinderen. Dêr stie op de Jan Binneswei in caravan yn de brân, it ding waard brûkt as ôffalbak. Neidat it fjoer út wie, hat de gemeente de útbaarnde caravan fuortsleept.