Frijsteat Folgeren hellet megamolkbussen út Brabân

De molkbussen op transport © BN De Stem
Frijsteat Folgeren hat dit jier as nijjiersstunt twa metershege molkbussen út it Noard-Brabânske Wouw helle. Dat meldt BN De Stem. De molkbussen fan seis meter heech stiene oan de A58 en binne krekt foar de krystdagen ophelle.
Mei de molkbussen wol de âldjiersploech omtinken freegje foar de krisis yn de lânbou. De organisaasje yn Wouw wie op de hichte fan de stunt en hat ek meiwurke.
Se sjogge it eins as in bedankje oan Fryslân. Om 1890 hinne giene in oantal grutte boeren út Wouw nei Fryslân om dêr in stoomsuvelfabryk te besjen. Sa'n fabryk hawwe se yn Wouw ek boud en dat wie it begjin fan in bloeiende suvelyndustry. De bussen wurde nije wike werombrocht nei Wouw.