'Cliffs of Moher' werom op nûmer 1 fan de Fryske Top 100

It nûmer 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra is op it earste plak einige fan de Fryske Top 100 by Omrop Fryslân. It is de sechsde kear dat 'Cliffs of Moher' op it earste plak stiet. Ferline jier stie 'Fûgels' fan Die Twa op nûmer ien en yn 2013 moast Gurbe de heechste eare litte oan 'It Bûthúsbankje' fan De Wiko's.
Gurbe Douwstra stie ek op nûmer 4 mei it nûmer 'As it myn tiid is'.
Tûzenen minsken stjoerden de ôfrûne moannen in persoanlike top fiif yn. Op basis fan al dy 30.000 stimmen is de Fryske Top 100 gearstald. In represintative list dy't in moai ynsjoch jout yn de muzikale foarkar fan it Fryske publyk. De list waard dit jier foar it earst útstjoerd tusken 12 oere middeis en 12 oere jûns, oars wie it altyd tusken 6 oere moarns en 6 oere jûns.