KNMI warskôget foar tichte mist mei de jierwiksel
It KNMI warskôget foar tichte mist sneontejûn en sneontenacht mei de jierwiksel as gefolch fan it fjoerwurk. Ferkear op 'e dyk moat de hiele nacht rekken hâlde mei min sicht. It waarynstitút freget minsken dan ek om net te hurd te riden en foldwaande ôfstân te bewarjen.