Jelle Wiersma wint Nederlânsk kampioenskip FRYSK!

© NK FRYSK!
Jelle Wiersma fan Wommels is freed Nederlânsk kampioen FRYSK! wurden, in moderne fariaasje op it Frysk damjen. By it kampioenskip yn Tresoar yn Ljouwert wie Wiersma by sân fan de acht partijen it sterkst. De regearjend kampioen, Foeke Tiemensma fan Frjentsjer, makke al gau gjin kâns mear op 'e titel.
Yn 'e B-groep spile Klaas van der Goot fan De Gaastmar in goed toernoai mei in fiifde plak. Herre-Klaas Ykema wie de bêste Fryske jeugdspiler.