Boargemaster bringt besite oan karbidploech Broeksterwâld

31 des 2016 - 14:40

Boargemaster Heldoorn fan Dantumadiel hat sneontemoarn in besite brocht oan de karbidsjitploech fan Broeksterwâld. Heldoorn die dat, neidat yn it doarp in persoan slim ferwûne rekke, doe't er it lid fan in karbidbus tsjin de holle krige. Yntusken is dúdlik wurden dat it om in jonkje fan tolve giet. Hy is oerbrocht nei it universitêr sikehûs yn Grins. De boargemaster gie dêrnei ek nei karbidploegen yn oare doarpen, om mei har te praten oer de feiligens by it karbidsjitten.

Heldoorn soe sneontemiddei de ôftraap jaan fan de BOCK-kampanje yn Dantumadiel. BOCK stiet foar Bewust Oplettende Carbid Knaller. Dy persoan nimt de ferantwurdlikheid foar de feiligens by it karbidsjitten op him. Fanwegen it ûngelok is lykwols besletten it startmomint net trochgean te litten.

Trefwurden: 
BOCK Dantumadiel karbidsjitte
(Advertinsje)
(Advertinsje)