Brân en fernielingen by sportklup Boalsert

Foarsitter Arno Wip fan SC Boalsert by de fernielde tribune © Rudy Bouma/FrieslandActueel.nl
By sportklup Boalsert ha de ôfrûne wike meardere brannen en fernielingen west. De haadtribune fan de fuotbalklup is dêrby swier skansearre rekke. Ek in oare tribune, de kantine en de klaaikeamers binne fernield. De skea is neffens klupfoarsitter Arno Wip grut. Hy hopet sa gau mooglik útein te setten mei herstelwurksumheden.
It is noch net dúdlik wa't achter de fernielingen sit.