Piet Paulusma: Waarm en ekstremen yn 2016

31 des 2016 - 14:16

2016 wie in waarm jier, mei dy konklúzje komt waarman Piet Paulusma. Benammen de twadde helte fan augustus en septimber wienen waarm, mar ek yn maaie en de earste wiken fan juny lei de temperatuer heger as gewoanwei. Ekstreme situaasjes wienen der ek: yn de earste wike fan jannewaris moast koade read ôfkundige wurde fanwegen izel.

Gjin winter, dochs kâlderekôr

Op de jûn foar de Slachtemaraton fan 4 juny foelen der flinke lokale buien, mei yn Seisbierrum sa'n 100 milimeter oan delslach, wylst der yn Harns gjin drip foel. Opfallend wie ek dat der yn de skûtsjesylwiken gjin wedstriden ôfsein hoegden te wurden fanwegen in gebrek oan wyn.

Begjin desimber waard der yn Ljouwert in kâlderekôr helle mei temperatueren oant -8,8. Mar winter hat der net in soad west, der koe heechút in pear kear riden wurde op flintertin iis.

Trefwurden: 
Piet Paulusma waar
(Advertinsje)
(Advertinsje)