Plysje ropt op ta feilige en rêstige jierwiksel

31 des 2016 - 13:31

De plysje Noard-Nederlân ropt boargers op om te helpen der in rêstige en feilige âldjiersnacht fan te meitsjen. De plysje ferwachtet dat minsken de moed en it lef hawwe om oaren der op oan te sprekken, as se tsjûge binne fan geweld of fernielingen. As se it net oandoare om der sels wat fan te sizzen, moatte se sa gau mooglik de plysje belje.

Mislediging of geweld tsjin de plysje sil net tolerearre wurde. Fierders warskôget de plysje om altyd it hûs ôf te sluten ast nei bûten giest om lokkich nijjier te winskjen.

Trefwurden: 
plysje âld en nij
(Advertinsje)
(Advertinsje)