Bisdom Grins-Ljouwert: Stjoer protestbrief nei de oerheid

31 des 2016 - 11:31
De Bonifatiustsjerke yn Ljouwert - Foto: Google Maps

Katoliken yn Nederlân wurde oproppen om protestbrieven nei de oerheid te stjoeren. It giet om reaksjes op in plan fan de Twadde Keamer, dy't wol dat tsjerken gjin adres- en ferhúsgegevens fan boargers mear krije. Dat meldt de krante De Limburger.

De katolike tsjerke, mar ek oare organisaasjes, brûke de ferhúsgegevens foar har eigen administraasje. De Twadde Keamer fynt dat net mear fan dizze tiid. It kabinet hat dêrop in reaksjeplatfoarm iepene op ynternet.

De bisdommen, wêrûnder dat fan Grins-Ljouwert, roppe katoliken no op om dêr gebrûk fan te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)