Fûle oaljekoekestriid yn Grou en Jirnsum

31 des 2016 - 11:19

Der is in fûle oaljekoekederby geande yn de doarpen Grou en Jirnsum. De leden fan fuotbalklup GAVC út Grou en doarpsbewenners út Jirnsum bakke en ferkeapje beide oaljekoeken foar in goed doel. Yn Grou foar de pleatslike fuotbalklup, yn buordoarp Jirnsum foar Stichting Hartekind. Beiden besykje se yn de doarpen sa folle mooglik oaljekoeken te ferkeapjen foar it goede doel.

Goede kant fan it spoar

De ferkeap fan de Grouster oaljekoeken oan de doar yn Jirnsum, soarget lykwols foar argewaasje. Yn Jirnsum binne se net sa bliid mei de ferkeap oan de doar troch de Grousters, mar de Jirnsumers pakke it sportyf op: "Gelukkig winnen wij steeds meer terrein van de Grousters. Een oude burenruzie (wie kent de derby's van vroeger niet) die op oliebollen vlak nog een klein beetje doorgaat", litte de Jirnsumers witte.

Mei in knypeach beslute sy de flyer fan har oaljekoeke-aksje mei de slogan: "Jirnsumer oliebollen (waliekoeken) worden vers gebakken aan de goede kant van het spoor!"

Trefwurden: 
oaljekoeken Grou Jirnsum GAVC
(Advertinsje)
(Advertinsje)