Stichting Oan 'e Dyk keapet tsjerkelokaal yn Peazens

31 des 2016 - 09:30

De stichting Oan 'e Dyk is eigener wurden fan it tsjerkelokaal oan de dyk by Peazens. Fanút it lokaal organisearret de stichting al njoggen jier Waadrintochten. De lokaasje waard dêrfoar hierd fan de herfoarme tsjerke. Dy woe lykwols fan it lokaal ôf. Om foar te kommen dat de stichting mei syn aktiviteiten ophâlde moast, gie dy op syk nei jild om it gebou oankeapje te kinnen. Dat slagge mei help fan de provinsje, gemeente en in crowdfundaksje.

Freed waarden de hantekens ûnder it keapkontrakt set.

(advertinsje)