Kollum: "Top 100"

31 des 2016 - 08:20

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"It is hjoed de dei fan de Fryske top 100. De list mei de populêrste Fryske nûmers. Desimber stiet bol fan de listen, ik gok dat in hiele soad fan jim ek nei de Top 2000 hearre. Ien fan de bands dy’t it faakst yn dy list foarkomt is The Beatles, út Liverpool. Dy ha mei syn fjouweren safolle nûmers makke, dat oare artysten op it idee kamen om in nûmer te meitsjen dêr’t de tekst folslein út titels fan Beatle ferskes bestiet. Ik ha der twa foarbylden fan, 'You can’t do that' fan Nilsson út 1967 en it folle bekendere 'Titles' fan Baclay James Harvest, dat yn 1976 yn de top tsien bedarre. Ik tocht, soks soe ek mei Fryske titels fan top 100 ferskes kinne moatte. No, dat kin ek, mar it is in stik dreger om der in ferhaal fan te meitsjen. In ferske kin alle kanten út sweve, mar in ferhaal moar doch in soarte fan kop en sturt ha.

Ik ha it besocht en 50 titels út de top 100 naam. Dan kinne je dêr dit fan meitsje:

Op een dag, de earste trein nei Starum, yn de rein. Ik ha dy leaf, nim my mei, sei Age. In dreamer? Fûgelfrij? Net mei bemuoie, soan. Mei ik dan by dy? Do, wêr bisto? Thús, Marsum ahoi, de roas fan it Fryske lân. Droemvlucht... Burgum hat mear as de ljip yn it lân is, do brunwurker. Lik op stik. Oeral thús.

Omstekeard: Hjoed is myn dei, as it jo wil is. Dûnsje my de leafde út, Lyts meager wyfke. Myn leafde foar dy, eltse grins foarby, asto mar by my bist, nea myn nocht fan dy, rûchhouwer. Lit ús dêrom drinke, de bearenburch is myn sjirurch by it dimjen fan de dei. Lit jim gean, Friezen, memmen by it stek. Reade wyn? De oudste stapper van de stad beppe sei noait nee. Alle tiid. Libben nei de leafde? Frijheid kin men net keapje, Jente. Heit, mei ik mei it paad werom? As it myn tiid is. Halleluja."

(Advertinsje)
(Advertinsje)