Ofslútdyk ferljochte mei 6200 lampionnen fan it KWF

30 des 2016 - 22:30

Wa't freedtejûn oer de Ofslútdyk ried, seach sa'n 6200 ferljochte lampionnen lâns de kant fan de dyk. It wie foar de kampanje 'Mijn lampion brandt voor..' fan KWF Kankerbestrijding. Fia ynternet koenen minsken in lampion donearje en de namme achterlitte fan syn of har dierbere dy't kanker hat, ferstoarn is oan de sykte of foar elkenien dy't yn dizze tiid stipe brûke kin. It KWF hat alle nammen fan dizze minsken op de lampionnen skreaun.

Ljocht

De aksje hat as doel om ljocht te bringen yn dizze tsjustere desimberdagen foar elkenien dy't mei kanker te krijen hat. Dêrby hat it KWF bewust keazen foar de 30 kilometer lange Ofslútdyk om't de dyk neffens harren symboal stiet foar ferbining en ien fan de tsjusterste plakken fan ús lân is.

Undersyk

Minsken koene thús fia Facebook de bylden besjen. Oan de ein fan de jûn binne alle lampionnen wer ophelle. It jild dat minsken joegen foar de lampion wurdt brûkt foar ûndersyk nei kanker.

Op de Facebookpagina fan it KWF is de livestream fan de aksje werom te sjen en mear ynformaasje oer de kampanje is te finen op de webside fan it fûns. Dêr kinne minsken noch altyd in lampion donearje, mar dy komt dan net mear yn it echt op de Ofslútdyk te stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)