Gary Hekman en Irene Schouten winne massastart

Coach Jillert Anema en Irene Schouten © awfoto.nl
Gary Hekman en Irene Schouten binne de lêste winners op it NK ôfstannen. Beide wûnen de massastart. Hekman die dat troch yn in machtige einsprint trijefâldich kampioen massastart Arjan Stroetinga te ferslaan.Jan Blokhuijsen waard tredde.
By de froulju gong de winst foar de fiifde kear nei Irene Schouten. Yn in ultime sprint waard Melissa Wijfje dochs noch efterhelle. Wijfje waard twadde, Suzanne Schulting tredde.