Drokke wintermerk by Sint Thomaslieden yn Ketlik

30 des 2016 - 20:06

It tradisjonele Sint Thomaslieden fan de klokken yn Ketlik wie freed wer in grut sukses. Om it kloklieden hinne hie Pleatslik Belang wer tal fan winterske aktiviteiten organisearre op it gesellige pleintsje foar de Thomastsjerke.

Waarme snert, rikke drûge woarst, glühwein of in slokje, it wie allegear te krijen. Boppedat waarden der âlde ambachten demonstrearre en yn de tsjerke sels wie in ferskaat oan muzikale ferdivedaasje. 

Wa't it oandoarde, koe ek sels it klokketou yn hannen nimme en mei advys fan de betûfte kloklieders sels besykje om de perfekte fjouwerkante slach te meitsjen.

Trefwurden: 
Sint Thomaslieden Ketlik
(Advertinsje)
(Advertinsje)