FIDEO: Suzanne Schulting moat kieze tusken NK en EK

Suzanne Schulting sil kieze moatte tusken it EK sprint en it NK shorttrack. Beide eveneminten binne yn it wykein fan 7 en 8 jannewaris.
Schulting ried op it NK ôfstannen yn Thialf de 500 en 1000 meter. Tongersdei waard se sechsde yn 39.17, in pr, op de 500 meter. Freed waard se, wer mei in pr, fjirde op de 1000 meter: 1.16.17. Op basis fan it klassemint oer 500 en 1000 meter hat Schulting har pleatst foar it EK sprint yn Thialf. Mei Jorien ter Mors en Marrit Leenstra mei se Nederlân fertsjintwurdigje.
Schulting nimt ynkoarten in beslút.