Jorrit Bergsma wint 10 kilometer, Sven Kramer twadde

Jorrit Bergsma hat mei in machtige 10 kilometer it goud pakt op de langste ôfstân fan it NK. Fan de favoriten moast Sven Kramer as earste yn 'e baan. Kramer ried 12.53.59. Yn de rit dêrnei begûn Jorrit Bergsma nei 6 kilometer oan syn ynhelrace. Nei 8800 meter dûkte er ûnder de tiid fan Kramer. De eintiid fan de Olympysk kampioen waard 12.52.34. It wie de tredde titel fan Bergsma op de 10 km. Bob de Vries waard tredde yn 13.01.93.
Jorrit Bergsma en Sven Kramer komme foar Nederlân yn febrewaris út op de 10 km op it WK ôfstannen yn Súd-Koreä.