Anema: "Sven is goed, mar Jorrit is de bêste op de 10 km"

30 des 2016 - 17:58

"Sven ferliest it fan Jorrit op de 10 km", sa sei coach Jillert Anema yn it foar. Him waard frege hoe goed Sven Kramer no eins is. Kramer draait al mear as tsien jier mei oan de top fan it reedriden en wûn op it NK sawol de 5000 meter en de 1500 meter. Neffens Anema hat syn pupil Bergsma op de 5 km riden om him te pleatsen foar de grutte toernoaien, mar op de 10 km sil hy sjen litte wa't de bêste is.

En dat wie Jorrit Bergsma, hy wûn yn 12.52.34, Sven Kramer waard twadde yn 12.53.59 en Bob de Vries tredde yn 13.01.93.

Ek Rintje Ritsma waard frege hoe goed Sven Kramer no eins is. Neffens Ritsma is Sven Kramer fierwei de bêste allrounder fan de lêste jierren. "It is hiel bysûnder dat in sporter sa lang, sa goed is." Hy sjocht wol in ferskowing by Sven. "Ried er yn syn begjinjierren alle wedstriden dy't der te riden wiene, no kiest er mear bewust foar wat goed foar him is."

(advertinsje)
(advertinsje)