Martijn van Dam wol fosfaatreduksjeplan wetlik regelje

It fosfaatreduksjeplan fan de Nederlânske suvelsektor kin trochgean. Steatssiktaris Martijn van Dam skriuwt freed oan de Twadde Keamer dat hy yn jannewaris mei in ministeriële regeling komt om it plan fêst te lizzen op basis fan de lânbouwet. Troch it plan wetlik te regeljen binne alle boeren en suvelbedriuwen ferplichte om har oan it plan te hâlden. It is it doel fan Van Dam om it fosfaatreduksjeplan op 1 maart 2017 yngean te litten.
Boere-organisaasje LTO is wiis mei it brief fan Van Dam. "Deze duidelijkheid hebben de boeren nodig."
It fosfaatreduksjeplan hâldt yn dat melkfeehâlders alle kij dy't se no mear hawwe as op 2 july 2015 wer ynleverje moatte. Benammen foar boeren dy't bot útwreide hawwe nei it ôfskaffen fan de superheffing is dat in pynlike maatregel. Boeren dy't tefolle kij hawwe yn ferhâlding ta it lân moatte 4% kij ekstra ynleverje. Mei-inoar moatte de melkfeehâlders yn hiel Nederlân sa'n 160.000 kij ynleverje. De melkfeehâlders dy't net tefolle kij hawwe neffens har lân, de saneamde 'grondgebonden' bedriuwen, wurde yn it reduksjeplan safolle mooglik ûntsjoen.
Troch dizze maatregel moat Nederlân yn 2017 wer útkomme ûnder it 'fosfaatplafond' dat fêststeld is troch de Europeeske Uny. Dat is fan belang foar it behâld fan de saneamde 'derogaasje' yn 2018. Derogaasje is de mooglikheid om mear stront út te riden as de gewoane Europeeske noarm. Yn Fryslân makket mear as 80% fan de melkfeehâlders gebrûk fan derogaasje. It ôfskaffen fan dy derogaasje soe betsjutte dat der yn Nederlân noch folle mear kij ferdwine moatte soene; neffens saakkundigen wol in heal miljoen. Dat soe grutte gefolgen hawwe foar de melkfeehâlders en ek foar de suvelyndustry.
Oft it trochgean fan it fosfaatreduksjeplan no ek betsjut dat de derogaasje behâlden wurdt, sil pas yn de rin fan 2017 dúdlik wurde. Van Dam giet dêroer noch fierder yn petear mei de Europeeske Kommisje. Ferline wike wie Eurokommissaris fan Hogan fan lânbou noch earegast op de lededei fan LTO-Noard yn Grins. Foar dy byienkomst hie Hogan wiidweidich kontakt mei alle partijen fan it fosfaatreduksjeplan. It oerlis oer dat plan kaam doe yn in streamfersnelling. Op de lededei wie Hogan al frijwat posityf oer it plan. "It is oan de lette kant, mar der wurdt teminsten wurke oan in oplossing", sei er doe.
It brief fan Van Dam komt oan 'e ein fan in jier dat net maklik wie foar de Nederlânske melkfeehâlders. De molkepriis lei it ôfrûne jier lang ûnder de kostpriis. Fierder makke it sneuveljen fan it 'fosfaatrjochteplan' fan it kabinet yn septimber de boeren knap senuweftich. Boeren begûnen de ôfrûne hjerst dêrom mei in 'laarzenactie' om de polityk oan te setten ta aksje en mear dúdlikheid. Dy liket der flak foar de ein fan it jier no dochs te kommen. Sjoch ek ús Europablog foar mear ynformaasje.