BOCK-petten foar karbidsjitters yn Dantumadiel

30 des 2016 - 17:33

Dizze dagen wurdt der wer omraak mei karbid knald yn Fryslân. Om dat feilich ferrinne te litten is in nij fenomeen yn it libben roppen: de BOCK. It is in fariant op de BOB en betsjut Bewust Oplettende Carbid Knaller. Yn Dantumadiel giet boargemaster Sicko Heldoorn op âldjiersdei by 21 lokaasjes del om 100 BOCK-petten út te dielen.

De bedoeling is dat de sjitploegen har oan in fiiftal spulregels hâlde en dat ien fan de knallers de rol fan BOCK krijt. Dy moat dan yn 'e gaten hâlde oft alles neffens de regels giet.

De gemeente Dantumadiel is wiis mei de tradysje fan it karbidsjitten. Trochdat de jongerein dêr op âldjiersdei oerdeis hiel drok mei is, wurdt der yn de nacht fan âld op nij sa goed as neat fernield. 

Toernee

Heldoorn begjint syn toernee op âldjiersdei by de karbidploech fan De Finnen oan de râne fan Feanwâlden. Hjir wurdt al seker tritich jier mei karbid knald. De ploech hat in eigen karbidkanon en ek binne der sa'n fyftjin plakken foar karbidbussen. Foar it feest is in spesjale feesttinte boud yn piratestyl, dy't op nijjiersdei wer ôfbrutsen en opromme wurdt.

Piratekaptein

Piratekaptein Bert Walsweer is troch syn maten oanwiisd as BOCK. Walsweer hat dêr gjin problemen mei. "Wy hawwe hjir noch noait ûngelokken hân en dat wolle we ek graach sa hâlde." Walsweer is yn it besit fan in EHBO-diploma. Oan De Finnen wurde op âldjiersdei sa'n 300 karbidleafhawwers en taskôgers ferwachte. Foar de fêste ploech is it karbidsjitten ien fan de hichtepunten fan it jier.

(advertinsje)
(advertinsje)