'Kompensaasje foar spoar'

25 maaie 2012 - 17:12

Dat de provinsjes Fryslân in Grinslân it spoar tusken It Hearrenfean en Grins sjitte litte is in tekoart oan fyzje en bestjoerlike lef. Dat seit boargemaster Polderman fan Smellingerlân. De gemeente wol kompensaasje foar it net trochgean fan de spoarline.

Polderman en syn kollega-boargemasters fan It Hearrenfean en Opsterlân krigen freed offisjeel te hearen dat it spoar net trochgiet.

Neffens deputearre Sietske Poepjes wie it te risikofol om troch te setten mei it spoar. Se seit ta dit it jild dat reservearre wie ynset wurdt foar de ferbettering fan de ynfrastruktuer yn Fryslân.

Trefwurden: 
spoar Gerrit Jan Polderman
(Advertinsje)
(Advertinsje)