Jonge (17) oppakt foar stellerij yn hotel op Skiermûntseach

30 des 2016 - 15:55
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat freedtemiddei in 17-jierrige jonge út Blaricum oanhâlden by de fearboat op Skiermûntseach. Hy wurdt fertocht fan ynbraken op tiisdeitemiddei en woansdeitemoarn yn in hotel oan de Badwei. Ut hotelkeamers waarden beurzen en in bluetooth speaker stellen, út it kantoar mist jild.

De plysje tinkt dat de fertochte in kaai stellen hat fan in skjinmakster en der sa ynkomme koe. De jonge rûn tsjin de lampe, neidat hy mei in stellen pinpas betelle yn in supermerk.

Hy waard fêstlein op kamerabylden en sa koe hy by de fearboat oppakt wurde. Hy sit noch fêst foar ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)