Hely pikt drinkeling op út see

25 maaie 2012 - 17:09
SAR - Foto: Omrop Fryslân

In SAR-helikopter hat freedtemiddei by Skiermûntseach in opfarrende fan in katamaran út see helle. De man wie mei in kollega-siler yn it wetter bedarre doe't harren katamaran omsloech.

De oare opfarrende wist nei it strân te swimmen en warskôge de helptsjinsten. Dy fûnen de man nei sawat fyftich minuten. Hy is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs yn Ljouwert brocht, mar is giet ûnderwilens al wer goed. De katamaran is troch in rêdingsboat nei de haven fan Skiermûntseach sleept.

Trefwurden: 
Skiermûntseach drinkeling
(Advertinsje)
(Advertinsje)