Wurkstraffen foar himpkwekers út Harns

30 des 2016 - 14:17
Foto: Plysje

In groep himpkwekers út Harns hat freed fan de rjochtbank yn Ljouwert in behoarlike wurkstraf krigen. De rjochtbank hat fierder sein dat de Harnzers it jildbedrach dat se fertsjinne hawwe mei it drugswurk yn de steatskas stoarte moatte. In 28-jierrige Harnzer krige de heechste straf: 240 oeren wurkstraf en in selstraf fan twa moanne ûnder betingst. De man wie belutsen by twa weedplantaazjes.

Untdutsen

Yn de wenning fan in freondinne fan syn neef hie er in kwekerij mei sa'n 200 planten. Dizze waard yn oktober ferline jier ûntdutsen. De freondinne fan de neef krige in wurkstraf fan 60 oeren. De neef krige in wurkstraf fan 120 oeren en trije moanne sel ûnder betingst foar in oare plantaazje dy't op in adres oan de P.J. Troelstrastrjitte siet. De plysje wie de kwekerijen op it spoar kaam troch anonime tips.

Ek oan de Sint Jacobsstrjitte yn Harns waard troch de belutsenen weed teelt. Hjir stienen yn totaal 204 planten. De 29-jierrige bewenner krige freed in wurkstraf fan 150 oeren, en in selstraf fan in moanne ûnder betingst.

Werom betelje

De rjochtbank hat berekkene dat de neef sa'n 3.200 euro fertsjinne hat mei de hannel, syn freondinne sa'n 4.200 euro. Dit moatte se wer werom betelje. De haadfertochte moat rom 31.000 euro oermeitsje nei de Steat. Syn freondinne krige ek noch in wurkstraf fan 40 oeren foar it wytwaskjen fan it jild.
 

Trefwurden: 
himp rjochtbank straf Harns
(advertinsje)
(advertinsje)