Gebiet Potskar Súd stiet wer ûnder wetter

It âld stik bûtlân oan de Snitser Mar stiet foar it earst sûnt de ruilferkaveling wer ûnder wetter. It giet dan om it Potskar Súd. It gebiet oan de Griene Dyk is yn behear by Steatsboskbehear en wie ynrjochte as winterpolder wêrtroch it nea mear echt splis stie.
It ôfrûne jier is der in soad dien om de kwaliteit fan de natuer te ferbetterjen en it gebiet sompiger te meitsjen. En der binne al oanwizingen dat alle yngrepen fertuten dien ha. Uteinlik moatte de âlde natuerwearden wer werom komme wêrûnder de djerreblommen, greide- en sompefûgels.