''Ik ben een bange kat die in een hoekje gaat zitten"

30 des 2016 - 13:26

"Ik ben een bange kat die in een hoekje gaat zitten", dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it fjoerwurk op âldjiersdei. Op de fraach oft it partikuliere fjoerwurk ferbean wurde moat, kaam in ferskaat oan reaksjes. Ja seit de ien, want it jout in soad skea oan minske, bist en miljeu. Nee, fynt de oar want it is in âlde tradysje dy't se ús net ôfpakke meie.

"It fjoerwurk is net gefaarlik, mar de minsken dy't it ôfstekke", waard optekene, mar ek: 'Ferbied it mar gau: tefolle ûngelokken en tefolle rommel dy't gjin minske oprommet. It is net mear fan dizze tiid." In opmerklik alternatyf kaam ek noch nei foaren: "Wijs zones aan waar het wel mag en zorg dat daar ook toezicht is, dan kan het op andere plekken rustig blijven."

Trefwurden: 
fjoerwurk freedsmerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)