Henk Prins rêdt alle wiken de Harnzer haven op

30 des 2016 - 13:15

Alle wiken in karre fol plestik. Dat is it resultaat fan de persoanlike oprêdaksje fan Henk Prins út Harns. Hy giet alle dagen de havens by del om te sjen wat der oan smoargens leit. Neffens Prins komme de gemeente en bedriuwen der blykber net oan ta om it op te rêden en dêrom docht hy it. Sa net dan ferdwynt it neffens him yn de see. Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie freed mei Prins op 'en paad, en se fûnen fuortendaliks rommel yn de Harnzer haven.

Sa koe it twatal ferskate stikken plestik beskermingsmateriaal út it wetter fiskje. Neffens Prins hellet er hast in kúb yn 'e wike út it wetter wei. Hy fynt dat er wichtich wurk docht, ek al is er mar allinnich: "It helpt altyd, mar it is fierstente weinich fansels. It is mar in spjeldeprip."

(Advertinsje)
(Advertinsje)