Fryske moskeeën sammelje jild yn foar mienskip Culemborg

30 des 2016 - 13:03

Ferskate moskeeën yn Nederlân hawwe in ynsammelingsaksje op tou set foar de moslimmienskip yn Culemborg, dy't harren takomstige moskeegebou kwytrekke binne troch brân. De inisjatyfnimmers wolle freed by it freedsgebed jild ophelje mei in kollekte. Ek yn Fryslân dogge moskeeën mei, lykas dy yn Wolvegea.

De mienskip yn Wolvegea is fergelykber mei dy yn Culemborg, en se fiele harren dêrtroch bot ferbûn mei de minsken yn it Gelderske plak. It liket derop dat de brân yn it âlde swimbadgebou, dat ferboud wurde soe ta moskee, mooglik oanstutsen is. Der wurdt noch ûndersyk dien.

Trefwurden: 
moskee moslim Wolvegea aksje
(Advertinsje)
(Advertinsje)