Bern leare oer huzebou

Skoallebern yn de gemeente Achtkarspelen krije yn de takomst faker op projektbasis les. Yn 2011 binne in tal basisskoallen, middelbere skoallen en in MBO-skoalle út ein set mei in earste projekt: Bouwe oan ambysje.
De bern krigen yn de praktyk les oer alles wat mei it bouwen fan in hûs anneks is. Sa seagen se bygelyks by nijbou, giene se nei de gemeente foar fergunnings en fertelde de notaris oer it papierwurk. Freed wie it feest omdat alle huzen dy't by it projekt belutsen wiene, ferkocht binne.
Der wurdt al wurke oan in nij projekt. Dat soe dan yn gearwurking mei in skipsbouwer moatte.