Oprjochting wurkgroep foar it behâld fan Fryske klokken

© Omrop Fryslân
De kennis oer de Fryske klokken moat yn stân hâlden wurde, krekt as de argiven dy't der oer de klokken binne. Dat fine alteast de inisjatyfnimmers fan de wurkgroep Fryske klokken. Dy wurkgroep wurdt takom jannewaris oprjochte, mei as doel it hâlden fan lêzingen en it útwikseljen fan kennis. It inisjatyf kaam fan Sjoerd Folkers en Richard de Graaf. Folkers is horloazjemakker en komt út Alphen aan den Rijn, mar is al jierren ynteressearre yn de Fryske klokken.
''Het is een hele bekende klok met een eigen uitstraling'', sa seit Folkers. ''De oudste Friese klokken komen uit Heerenveen, zo ongeveer aan het einde van de zeventiende eeuw.''